Nieuws - Naäman de striid fan in generaal (2)

Musical NaämanBeste minsken . . . . .It is hast safier . . . . . de Musical Naäman sil ynkoarten opfiert wurde yn Donkerbroek. Elkenien dy’t meidocht wurdt al sa’n bytsje senuweftich, mar it komt hielendal goed. In soad minsken binne belutsen by de tariedings, alle kostuums hingje klear, en de naaimasjine kin yn it fet . . .de dekorkommisje is drok dwaande om yn tjerske in grut podium op te bouwen.

En dan fansels de spilers . . . wy hawwe d’r gjin wurden foar. It is hiel bysûnder om te sjen hoe as elkenien yn syn as har eigen rol groeit. Fan leanwurker nei soldaat, fan ambtner nei kening en fan ferkeapster nei hofpersoniel. En net te ferjitten de sjongers, minsken wat hawwe wy in talint yn ús doarp, en by in musical heart fansels ek musyk . . . brassband de Bazuin stiet garant foar de musykale begelieding,en wer’t musyk is moat ek dûnse wurde ,de dûnsfroulju meitsje der in feest fan.

Tinke jo no, Naäman wat is dat . . en wa is Naäman , kom dan it lêste wykein fan april nei de griffermearde tsjerke oan de Hearrrewei yn Donkerbroek. Al op it plein foar de tsjerke kinne jo in pear fikse stappen werom yn de tiid dwaan en yn it programmaboekje lêze jo hoe it de grutte generaal fergiet.

Graach noegje wy jo, tegearre mei jo famylje en freonen út om disse foarstelling te besykjen. Lit jimme ferasse troch toniel, sang, dûns en musyk. Elkenien is fan herte wolkom op 24, 25 en 26 april. Oanfang fan de foarstelling is om 20.00 oere. De foarferkeap is by “Bloemenhuis Carin” en ”Pand 2”  fanôf 28 maart 2009. Kosten € 6,00 pp. Ut namme fan de musicalkommisje: Graach oant sjen by Naäman! Sjoch ek it fotoboek.

Geplaatst op: 19 Maart 2009

terug